Piter en Gurbe

Zondag 28 juli 2019 – AbiantStage – 17.00 tot 18.30 uur

Piter Wilkens

In 2010 kreeg Piter Wilkens de pretentieuze ‘Bernlef priis’, de belangrijkste muziekprijs van de Provincie Friesland, overhandigd door gedeputeerde van cultuur Jannewietske de Vries. Zij noemde hem ‘de stim fan Fryslân’.

In het juryrapport sprak men o.a. over ‘paadsljochter fan ’e Fryske muzyk’ en ‘in wiere ambassadeur foar Fryslân en de Fryske (muzyk)kultuer’.

‘Een artiest met een breed oeuvre waarmee hij zowel de jeugd als het wat oudere publiek aanspreekt. Bij Piter is Friesland vaak een thema, maar hij kijkt letterlijk ook over de grens’.

Al eerder werd hij door het Friesch Dagblad ‘chroniqueur van Friesland’ genoemd.

Sinds Piter Wilkens in 1979 als bassist begon in de punkrockachtige band Okke Hel is hij inmiddels geliefd en gelauwerd als troubadour en singer- songwriter en niet meer weg te denken uit de Friese muziekwereld.

Hij toerde meerdere keren in het buitenland, heeft meer dan 10 album cd’s op zijn naam staan en met het theaterprogramma ‘De Fleanende Hollanner’, waarbij hij het Zweedse repertoire van Cornelis Vreeswijk in het Fries vertaalde, krijgt hij landelijk veel aandacht. De gelijknamige CD stond maar liefst elf weken in de Nationale Album Top-100.

Ook op het succesvolle project ‘ Leonard Cohen in het Fries’ drukte Piter nadrukkelijk zijn stempel met zijn eigenzinnige bewerking op het nummer ‘Libben, libben, libben’ (Lover, lover, lover).

Omdat 2012 het jaar was dat de Friese troubadour reeds 25 jaar als solo artiest opereerde, werd in mei van dat jaar de verzamel cd ‘Bêst genôch’ uitgebracht. Een album met 16 muzikale hoogtepunten uit de afgelopen kwart eeuw en schonk Weduwe Jouwstra hem een eigen berenburg: ‘De Liter fan Piter’.

8 maart 2014 verzorgde hij een avondvullende show in stadsschouwburg De Harmonie te Leeuwarden met uitsluitend origineel Elvis Presley repertoire in het Engels, van rock ‘n’ roll tot evergreens, en toonde zo nog maar eens hoe veelzijdig hij is. Het was bedoeld als een eenmalig serieus aardigheidje, maar vanwege het succes van die avond en de positieve reacties van het publiek wordt het 2 oktober 2015 nog een keer herhaald.

Laatste wapenfeit is ‘Skjin Skip’ een theatervoorstelling op een vrachtschip dat gedurende 7 weken in het voorjaar van 2014 door Friesland toerde. Piter schreef daar vijf nieuwe liedjes voor en speelde mee als troubadour en met een bescheiden rol als acteur.

Piter is ook een van de initiators van het succesvolle ‘Frysk Sjongers Gala’ dat ieder jaar eenmaal georganiseerd wordt om het Friese lied in de spotlights te zetten.

Verschenen CD ‘s o.a.:
Sjongersbloed, 1993; Timmermantsjoender, 1996; Nocht & Wilkens, 2000; Greideroas, 2001; Romtefyts, 2002; Brutsen Snaren, 2005. It fugeltsje in myn gitaar, 2006. De fleanende Hollanner, 2010, Bêst genôch, 2012.

Meer info:

Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra is hikke en tein yn Drachten dêr’t hy op 17 febrewaris 1954 berne waard. Nei syn skoaltiid ferhúze hy nei Grinslân, dêr’t hy sjoernalist waard by de Ommelander Courant. Nei trije jier ferfarde hy werom nei Drachten, doe’t er by de Ljouwerter Krante oan ‘e slach koe. Ein 1981 makke hy de stap fan skriuwende nei pratende pers. Hy gie oan ‘e slach by Omrop Fryslân, earst as ferslachjouwer by it nijs, letter as muzykredakteur en presintator. Dat wurk docht hy noch altyd yn programma’s as Muzyk yn Bedriuw en Radio Froskepôle.
MUZYK
De muzyk hat eins altyd wol in grutte rol spile yn it libben fan Gurbe Douwstra. Op de middelbere skoalle, it Ichthus College yn Drachten, begûn er syn earste skoalleband yn 1968, doe’t er 14 jier wie. In bluesband mei de namme Ltd, letter omdoopt yn The Weary Blues Band. Letter stie hy ek oan de basis fan de folgjende skoalleband Managisha. De namme jout al oan dat der hiel wat eksperimentelere muzyk makke waard. It wie dan ek 1969/1970 de tiid fan it legendaryske popfestival Woodstock en de al like legendaryske film Easy Rider.
Gurbe siet yn syn lêste skoallejier en troch de Drachtster muzyk-maecenas Willie Scholten waard hy frege om wat stjoer te jaan oan in skoalleband mei de namme Zenith, dy by Willie ‘ûnder kontrakt’ stie. De band moast meikoarten optrede, mar siet noch sûnder foldwaande repertoire. Fan it ien kaam it oar en Gurbe stapte yn Zenith, in band, dy útgroeide ta in bysûndere freonenklup mei in hiel eigen skiednis.
OP DE AKOESTYSKE TOER
Nei de middelbere skoalle wie Gurbe yntusken ferhuze nei Uithuizen yn it noarden fan Grinslân en wenne dus wol in hiel ein út’e buert. Mar hy socht syn âld maat Fred Dijkstra wer op, dy’t yn Grins studearre, en mei Theo Douma op piano waard it akoestyske trio Triangel foarme. Dat hat wakker rippeteard en in protte wille hân, mar in offisjeel optreden hat der nea west. Wol kaam Gurbe doe foar it earst sydlings wat yn oanrekking mei Fryske muzyk, omdat Theo Douma út en troch wolris mei in Fryske tekst oankaam.
ROCKE MEI MAÎTRESSE
It wie begjin 1979 en Gurbe wie yntusken werom ferhuze nei Drachten. Op in reúnie-optreden fan Zenith rûn hy syn âld skoallekammeraat Henk Postma tsjin it liif. Dy socht noch in sjonger/gitarist foar in band, dêr’t hy mei úteinset wie. Fuort fan it begjin ôf oan klikte dat, sawol muzikaal as ek op freonskiplik mêd. Net allinnich mei Henk, mar ek mei drummer Rein Feenstra en solo-gitarist Robbie Artz, beide fan Ljouwert. It waard de start fan Maîtresse, in Fryske band, dy’t Ingelsktalige rockmuzyk spile. De band hat in jier as trije bestien en joech geregeld optredens yn de provinsje. By ien fan dy optredens, yn kafee De Brouwershoek yn Ljouwert, binne noch opnames makke troch, doe noch, Radio Fryslân. Maîtresse hat boppedat de studio yn west foar demo-opnames, mar ta in offisjele plaat is it nea kaam. Yn de hjerst fan 1982 wie it fjoer der ôf en waard, mei ynstimming fan alle fjouwer muzikanten, Maîtresse opheven. De gitaar waard oan’e wylgen hong en de apparatuur ferkocht.
FRYSK EN FOLK
Mar bloed krûpt dochs dêr’t it net gean kin en úteindelik soe hy, mear as tsien jier letter, de gitaar dochs wer oppakke en úteinsette mei muzyk meitsje. In optreden op in troufeestje fan freonen yn kafee Marktzicht yn Drachten wie in sukses en der waard besletten dat dat ploechje freonen mei de muzyk trochgean soe. Nei wat wikseljende besettings kaam dêr úteindelik de folkgroep Bêdbuks út wei. De groep hat goed twa jier bestien en al mei al sa’n 5 of 6 offisjele optredens dien. It repertoire wie al hieltiten mear opskood nei Frysktalich en doe’t Bêdbuks úteindelik ophold te bestean hie Gurbe wol sa bot de smaak fan de Fryske (folk)muzyk en it skriuwen fan lietsjes yn it Frysk te pakken, dat hy der mei trochset is.
Nei sa’n twa jier skriuwe en rippeteare is er yn maart 1999 foar it earst allinnich in poadium opstapt foar in koart optreden op in Tsjongjûn yn de Skippersseal yn Aldegea (Sm). Twa wike letter folge syn earste jûnfoljende optreden fansels yn syn stamkroech en útfalsbasis kafee Marktzicht yn Drachten. Dat waard de begjin fan Gurbe syn ‘twadde tak’ as Frysk trûbadoer.
IT CD-DEBÚT
Omdat der by optredens geregeld fraach nei kaam, hat er úteindelik besletten om in part fan de lietsjes út te bringen op cd. Mei help fan producer Harry Zwerver is Gurbe yn jannewaris 2001 úteinset mei de opnames yn de studio fan Walter Tremp yn Bitgum. Krapoan in heal jier letter waard de cd, mei de titel ‘Dizze Stoarm’ presintearre yn de Skippersseal yn Aldegea. De cd waard ‘goed ûntfongen’, troch parse en publyk, sa’t dat dan sa moai sein wurdt.
Yn 2005 folge de twadde cd ‘Myn Eigen Paad’, wer mei producer Harry Zwerver, mar diskear opnommen yn de RDS-studio fan Rerin Zwerver yn Snits. Dêr is fiif jier letter ek de tredde album-cd ‘Thús’ opnommen.
MUZIKALE AKTUALITEIT
Njonken syn wurk as solo-muzikant en lietskriuwer is hy ek geregeld mei kollega-trûbadoers Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman op ’n paad as de Fjouwer Trûbadoers. Dêrnjonken foarmet hy in duo mei sjongeres Gerbrich van Dekken en is mei har en Jan de Vries, Wander van Duin en Johanna Hamstra ek wol as Gurbe en Freonen op ’n paad. Ien fan de meast resinte gearwurkingsprojekten is mei de Ljouwerter sjonger en muzikant Chris Kalsbeek. Tegearre bringe sy dan in programma fan Frysk-Ierske lieten.
En Gurbe is hjoed de dei net inkeld mear as útfierend artyst dwaande. Hieltyd faker is hy belutsen by it betinken en organisearen fan muzyk-eveneminten. Yn 2012 bygelyks is hy yn gearwurking mei Anneke Douma, Griet Wiersma en Piter Wilkens begûn mei it Frysk Sjongersgala. Yn ‘e mande mei teater de Skâns op ‘e Gordyk organisearret hy in streektaalfestival en sa sille der grif mear aktiviteiten folgje.

Meer info: